Portret van een varken:Ze hield van zoet en hartig, oude appeltaart en pizza

Foto van varken bij blog Janna vd Meer

De meest geslaagde beelden van mijn fotoproject blijken dierenportretten te zijn. Portretten van ons vee om precies te zijn.

Soms zijn ze bijna niet meer herkenbaar, zoals op deze foto, omdat ze voor een groot deel opgaan in hun omgeving. Dat is met opzet. Ik wil de kijker laten nadenken over het onderscheid tussen vorm en materie en over wat we eigenlijk zijn.

Allemaal anders
Wat vorm betreft zijn we allemaal anders: mens, dier en plant. Wat materie betreft verschillen we nauwelijks van elkaar.

Spanning
Bij de foto’s ben ik concrete verhaaltjes aan het maken. Verhaaltjes die de individualiteit van het vee onderstrepen en de spanning met het universele van de natuur opbouwen. Verder hoop ik, dat ze gewoon leuk om te lezen zijn!

Bij deze een verhaaltje over ons varken:

In baarch

Yn it tsjuster fan ’e kelder
hinget woarst fan dizze baarch.
Lekker by in gleske bier.
Mar der giet it no net om.
De sûch wenne hast in jier
by ús achter yn ’e tún.
Bichjes woenen wy fan har ha,
mar al wat der gebeurde,
dat kaam nea sa fier.

Hoe ’t se wie
dit beest?
Ik wit it net presys,
want hoe giet soks mei fee
en ’t is alwer een moanne lyn.

Grut fûn ik har yn elk gefal,
as ik er oan kaam mei de amer,
as se by my opspringe woe.
Se hold fan swiet en hartich,
âlde appeltaart en pizza.
Waard hartstikke lilk
fan slaat en broccoli.

Nei it fretten efkes knipperje.
Langút yn ’e lijte,
lekker yn ’e sinne.
Kuierje wie in oar genot
en wie de stroom fan ’e tried
dan wie se samar in ein fuort.
Hûn útlitters oan ’e doar:
“In echte baarch!
Is dy fan jim?”
“Ja, gjin soarch hjer,
se wit it paad werom.”
Efkes de tún om dolle
en dan net mear it hok yn wolle.
It rûn al mei al behoarlik
de spuigatten út.

Fierders noch?
Se koe my rjocht oansjen
oars as in hynder of in ko
en hie in blauw en in brún each,
krekt as har heit.
Útsteande hierkes op ’e earen,
in krul yn ’e sturt,
behalve as se sliepte,
of bang wie, of boas.
Se knorde omraak
en koe raze as in wyld.

Hoe ’t se wie
dit bist?
presys wit ik it eins net.
Want hoe giet soks mei fee
en ’t is alwer in moanne lyn.
Se wie in baarch,
hat nooit bichjes krigen
en no is se woarst.

Handtekening Janna van der Meer

Janna van der Meer

Janna is freelance tekstschrijver en woont op een biologische melkveehouderij. In haar vrije tijd schrijft ze gedichten en fotografeert ze. In 2017 kwam haar eerste dichtbundel uit bij uitgeverij Bornmeer.
Haar foto’s maakt ze in de directe omgeving van de boerderij.
Kijk voor de foto’s op haar website.

Tresoar heeft haar gevraagd voor een tentoonstelling van haar foto’s en gedichten, volgend jaar in het Obe Paviljoen te Leeuwarden. Spannend! In haar blogs neemt ze je mee in haar zoektocht naar wat ze daar wil gaan delen.